Monumintale brêge Eazumasyl giet tydlik fuort foar opknapbeurt

17 okt 2018 - 06:00

De mear as hûndert jier âlde ophelbrêge yn Eazumasyl wurdt woansdei fuorthelle. De ophelbrêge kriget fan 't winter in opknapbeurt by in bedriuw yn Ljouwert. De brêge is in ryksmonumint, krektlyk as de slûs dêr't er oerhinne leit.

De brêge yn Eazumasyl is fan 1901 - Foto: Google Streetview

De brêge yn Eazumasyl is eigendom fan de Stichting Waterschapserfgoed. Wetterskip Fryslân betellet mei oan de restauraasje.

Motorisearre ferkear moat omride salang't de brêge derút leit. Foar kuierders en fytsers wurdt in needfoarsjenning oanlein.

(advertinsje)