Wa doart it oan? Fan Amsterdam nei Dakar ride yn in auto út 1979

16 okt 2018 - 21:48

Mei in auto út 1979 fan Amsterdam nei Dakar ride. Floris de Bruijn en Tomas Oppewal fan Ljouwert sette dit wykein útein mei in reis fan sawat 7500 kilometer nei it Afrikaanske Dakar foar de Amsterdam-Dakar Challenge 2018. Mei noch tweintich oare teams ride se nei it oare kontinint om safolle mooglik jild op te heljen foar it goede doel Solar Foundation.

Dakar - Foto: Kappers Media

Oanskafkosten auto maksimaal 500 euro

De auto mei maksimaal 500 euro koste hawwe en der mei foar 250 euro oan sleutele wurde. Dat binne de regels foar de dielnimmende auto's oan de Amsterdam-Dakar Challenge. De Mercedes dêr't de manlju yn ride, is krekt mear wurdich.

Opbringst nei earme húshâldingen

De reis fan Amsterdam nei de haadstêd Dakar fan Senegal duorret sawat trije en in heale wike. Nei de rit wurdt de auto ferkocht op in feiling yn Banjul yn buorlân Gambia. De opbringst giet folslein nei it goede doel. It jild is bestimd foar in projekt fan Solar Foundation. Dêrmei kinne earme húshâldingen yn efterôfgebieten harren fieder ûntwikkelje troch te studearjen en feiliger te wenjen.

(advertinsje)