Plysje pakt oerlêst op Boalserter skoalpleinen hurder oan

De plysje yn Boalsert sil oerlêst op de pleinen fan de basisskoallen yn de stêd hurder oanpakke. "We zijn het zat en gaan binnenkort zonder pardon bekeuren", skriuwt de buertplysje op Twitter.
Plysje © ANP
Neffens de plysje is der in soad oerlêst op de pleinen, benammen jûns en yn de wykeinen. 'Hangen oké, vernielen en vervuilen niet". De plysje warskôget dat de pleinen nei it ûndergean fan de sinne ferbean terrein binne.