Provinsje wol dat ryk Iselmarfiskers útkeapet

16 okt 2018 - 21:13

De provinsje docht op 'e nij in berop op it ryk om de Iselmarfiskers út te keapjen troch in saneamde waarme sanearring. Dat betsjut dat de fiskers dy't de netten foar altyd te drûgjen hingje, in útkeapsom krije.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de provinsje binne de maatregels dy't it ministearje fan Lânbou, Fiskerij en Kwaliteit fan iten oant no ta betocht hat om de fiskers genôch jild fertsjinje te litten en tagelyk te soargjen foar in sûne fiskstân net goed genôch. Allinnich in duorsume fiskerij yn de mar mei folle minder fiskers hat takomst seit deputearre Johannes Kramer.

Fryslân freget al langer om in waarme sanearring fan de fiskerij op de Iselmar fanwege de tebekrinnende fiskstân en de oanhâldende ûnienichheid mei fiskers oer wat se wol en net meie. Mar oant no ta rjochtet minister Carola Schouten har foaral op ynkrimping fan de sektor yn goed oerlis of in kâlde sanearing wêrby't de fiskers sels ophâlde.

Harkje nei de reportaazje

(advertinsje)