Heechlearaar Kampus Fryslân: "Allegearre yn de eigen bubbel"

16 okt 2018 - 20:08

De kleau tusken regio's wurdt hieltyd grutter. De wrâld komt tichterby en de globalisearring is in groeiende útdaging foar politisy en bestjoerders. Wy binne de âlde yndieling nei godstsjinsten ('verzuiling') foarby en sitte no allegearre yn ús eigen bubbel.

Foto: Lucas Insight, Pexels

Dat sei heechlearaar professor dr. Caspar van den Berg tiisdei by syn oanstelling oan de Kampus Fryslân. De ynaugurele rede wie yn de stêd Grins.

Foarbylden genôch foar de bubbels, seit Van den Berg. Hy neamt de útslach fan de lêste gemeenteriedsferkiezingen, de regionale ferskillen by it referindum oer de ynljochtingewet, en ek de ferdielde mieningen oer de blokkear-Friezen.

Caspar van den Berg

Minsken yn bubbels fiele harren somtiden net heard yn de lanlike polityk. Om dy bubbels hinne sit der gjin organisearre fjild dat de stim fan de minsken trochklinke lit yn Den Haag. Dy ûntwikkeling op himsels is net te kearen. Mar de ryksoerheid en politike partijen soene der wol mear oer neitinke moatte. Se moatte derfoar soargje dat de lûden út dy ferskate bubbels, mar ek út de ferskate regio's mear yngong krije yn it politike systeem, seit Van den Berg.

Van den Berg hat sels ferline wike by de harksitten tsjin de blokkear-Friezen yn Ljouwert west. Hy hat dêr nijsgjirrige saken heard, seit er. De fertochten sprekke fansels net foar alle Friezen. Mar it gefoel dat op kultureel mêd in lytse groep út de Rânestêd besiket foar te skriuwen - sa fiele de blokkear-Friezen dat- hoe't de minsken yn Fryslân libje moatte, werkent Van den Berg. Dat libbet ek yn oare regio's bûten de Rânestêd, seit er.

(advertinsje)