Fryske gemeenten reagearje op spoeddebat Harns oer stillizzen REC-oven

In diel fan de oandielhâlders fan Omrin slút him net oan by de gemeenteried fan Harns dat de REC, de ôffaloven yn Harns fuortendaliks stillein wurde moat. De ried spruts moandei yn in ekstra gearkomste oer de grutte steuring by de REC op sneon 6 oktober. Se wolle dat oare gemeenten harren stipe útsprekke. De gemeenten Ljouwert, Waadhoeke en Hearrenfean hâlde foarearst lykwols ôfstân.
De yngong fan de REC © Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Foech stillizzen leit net by gemeenten"

"De gemeente Ljouwert freget Omrin om goed te kommunisearjen mei de omjouwing en oandielhâldende gemeenten, yn it bysûnder Harns, oer de situaasje by de REC. Wy gean net oer it stillizzen fan de REC. Dat foech leit op basis fan ûnder oare miljeu-easken by de provinsje," sa seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert yn in reaksje.

"Oantoanber gjin sûnensrisiko"

Ek op It Hearrenfean wurdt noch net praat oer stipe foar Harns. "Slute kin neffens ús allinnich as oantoanber is dat der noarmen net oanhâlden wurde. Dus foar ús is der op it stuit gjin reden om te finen dat de REC no ticht moat," seit wethâlder Jaap van Veen.
"As it binnen de feilichheidsrisiko's bliuwt, is der foar ús gjin oanlieding om de REC te sluten. Wy sjogge wol dat der in probleem leit yn de kommunikaasje," lit wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke witte.
De oandielhâlders fan Omrin yn Fryslân binne op it stuit Achtkarspelen, It Amelân, Ferwerderadiel, Waadhoeke, Harns, Hearrenfean, Ljouwert, Menameradiel, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skiermûntseach, Skylge en Flylân.
Oer in wike komt der mear dúdlikens oer de ôffaloven. De provinsje en miljeutsjinst FUMO presintearje dan in ûndersyk oer mooglike sûnensrisiko's by de steuring fan 6 oktober.