Rubryk Frysk Film Archief: George Pothaar

16 okt 2018 - 18:10

Tûzenen âlde films út Fryslân binne de ôfrûne jierren oeral weikaam en nei it Fries Film Archief brocht. De âldste kleurebylden fan Fryslân, grutte kolleksjes fan amateurfilmers: it hat aardich wat peareltsjes oplevere dy't Omrop Fryslân sjen lit. Hjoed de twadde: amateurfilmer George Pothaar fan It Hearrenfean skreau tal fan filmskripts.

"Als mijn vader een film wilde maken, dan moesten we daar allemaal aan meewerken. Maar wij gingen liever voetballen", seit Robbert Jan Pothaar. Hy en syn broer Robbert Hans fertelle oer harren heit: George Pothaar. Hy filme fan healwei de jierren trichtich ôf op 16mm en al hiel gau yn kleur.

George Pothaar

Filmmakker George Pothaar (1900-1990) is berne op It Hearrenfean en wie foar de oarloch haadfertsjintwurdiger yn Nederlân foar de Dútske bedriuwen AEG, Osram, Telefunken. Troch syn wurk hie er it nijste fan it nijste op it mêd fan filmapparatuer.

Hy wie dagen dwaande om allegear skripts te skriuwen en makke bysûndere films: lytse spylfilmkes, reisfilmkes mei kleurebylden yn Venetië fan foar de oarloch, dêr't syn frou as in soarte fan filmdiva omstapt.

Alles wat er filmje woe, waard fantefoaren betocht. "Onze vader was een echte regisseur. Soms moesten we dingen wel tien keer over doen", seit soan Robbert Hans Pothaar.

Foto: Omrop Fryslân

Filmje yn de oarloch

Ek yn de Twadde Wrâldoarloch pakte George faak syn kamera derby. En foar need hie er in hoekje ûnder de flier makke dêr't er in doaske hie mei jern, sigaretten en in nije filmrol. As de oarloch foarby wie, hie er yn alle gefallen in rol om mei te filmjen.

Sa hat er de befrijing fan It Hearrenfean yn april 1945 filme en de Kanadezen dy't op It Hearrenfean wienen yn de wiken nei de befrijing.

In hûs yn 'e brân

Neffens syn soannen wie der ien film dy't derút sprong: oer de brânwacht fan It Hearrenfean. De film is fan flak nei de oarloch. De haadpersoanen flechtsje om't harren hûs yn de brân stiet en de brânwacht komt te blussen.

Robbert Jan: "Het huis dat mijn vader voor zijn film wilde gebruiken was het huis van de tandarts. Die stond op een hoek en was daarom goed om te filmen. Maar hij had helemaal geen toestemming van de tandarts om te filmen. Daarom hebben we stiekem gefilmd toen de tandarts niet thuis was."

It hiele doarp yn it spier

Pothaar hie mei syn films net allinnich syn bern yn it spier, mar ek de rest fan it doarp. "Iedereen werkte mee. De timmerman heeft een hele gevel opnieuw betimmerd, maar ook de loodgieter hielp mee", fertelt Robbert Hans.

"We zouden om twaalf uur 's nachts filmen, zodat er niemand op straat zou zijn. Maar er waren zo veel mensen die er van hadden gehoord, de hele straat stond vol."

Robbert Jan hat stikken hout yn 'e brân set en ûnder de kamera fan syn heit hâlden sadat it krekt like dat it hûs yn de brân stie. "Het leek net echt! En één van de acteurs moest van een balkon springen. Hij durfde niet. Dus begon de hele menigte hem aan te moedigen dat hij moest springen. Het is wel bijzonder dat onze vader dit allemaal heeft georganiseerd."

Fries Film Archief

It Fries Film Archief hat op it stuit sa'n 13.000 films en fideo's yn de kolleksje. Allegear materiaal dat yn Fryslân filme is of in relaasje mei Fryslân hat. De kolleksje fan it filmargyf is de ôfrûne jierren groeid omdat it argyf dielnimt oan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed. Sa krige it argyf de middels om nije kolleksjes te sammeljen en te argivearjen en in grut part dêrfan te digitalisearjen en foar it publyk tagonklik te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)