Tresoar siket frijwilligers foar ynfierprojekt fan dea-akten

16 okt 2018 - 17:49

Histoarysk Sintrum Tresoar yn Ljouwert siket frijwilligers dy't famyljerelaasjes taheakje wolle oan dea-akten. De dea-akten fan 750.000 Friezen steane al yn de grutte genealogyske database AlleFriezen.nl.

Foto: Tresoar

By in heal miljoen dêrfan steane allinne de nammen fan de minsken dy't ferstoarn binne, mar net de nammen fan de âlden of echtgenoaten.

Neffens Tresoar binne dy gegevens krekt hiel belangryk, want dêrmei kinne persoanen oan elkoar knope wurde. En sa wurdt stambeamûndersyk bygelyks in stik makliker. Minsken dy't helpe wolle dy gegevens yn te fieren, kinne har oanmelde fia it platfoarm FryskeHannen.frl en fuortendaliks begjinne.

Inge Heslinga

Foto: Tresoar
(advertinsje)