Blokkear-Friezen wolle jild ynsammelaksje net hawwe: "Ferkeard sinjaal nei rjochter ta"

16 okt 2018 - 17:44

De teller fan de jildaksje foar de Friezen dy't de A7-blokkearren stiet hast 8500 euro. Doel is twa ton. Mar de aksje falt net goed by de blokkearders, seit wurdfierder Seye Herke Brinkman út Jistrum.

A7-blokkade - Foto: Camjo Media

Harkje nei Brinkman

"Wy kenne inisjatyfnimmers net"

It jout in ferkeard sinjaal ôf nei de rjochter, seit Brinkman. "Salang't de rjochter noch gjin útspraak dien hat, wolle wy net om jild freegje. Wy witte net wa't achter de jildaksje sitte. Wy kenne harren net persoanlik. It komt yn alle gefallen net by ús wei, ek net fia fia.

"Noch net in puddingbroadsje"

Earder hat der ek al in crowdfundaksje west foar de blokkear-Friezen, seit Brinkman. Doe is 42.000 euro ophelle. Dat jild is nei advokaten Anker & Anker gien, seit Brinkman. "Dêr hawwe wy net in puddingbroadsje fan hân. De partybus hawwe wy ek út eigen bûse betelle. Wy hawwe net om de jildynsammelaksje frege en it is ek net út ús namme bard."

De útspraak yn de saak is op 9 novimber. Brinkman ferwachtet gemiddeld trije wiken wurkstraf. Der binne 34 fertochten yn de saak.

Donateurs kinne jild werom stoart krije

Inisjatyfnimmer Sjoerd Basie fan de jildaksje út Alphen aan den Rijn seit by Omrop Fryslân op de radio dat de minsken dy't jild jûn hawwe dat weromkrije kinne as de blokkear-Friezen it net hawwe wolle. Hy sei ek dat it om ludike aksje giet dy't wat út de hân rûn is.

Sjoerd Basie

Trefwurden: 
jildaksje crowdfund-aksje
(advertinsje)