Ljouwerter kolleezje wol Neushoorn twa jier stypje mei twa ton

16 okt 2018 - 17:25

It kolleezje fan Ljouwert wol kultureel sintrum Neushoorn de kommende twa jier noch jierliks twa ton subsydzje jaan. Neushoorn sit finansjeel yn swier waar en krijt foar kommend jier de begrutting net rûn.

Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens it kolleezje binne der meardere redenen foar. Trije jier nei de start fan Neushoorn hat bliken dien dat opbringsten achterbliuwe by de begrutte resultaten. Dat komt ûnder oaren omdat de ynkomsten fan it kafee yn it sintrum folle minder omset hat as begrutte wie.

Ek de gearwurking mei de opliedingen fan it Friesland College hat finansjeel net genôch opsmiten.

Sûnt dit jier wurdt in fiergeande gearwurking mei skouboarch De Harmonie ûndersocht. Kommend jier moat dúdlik wurde wat dit opsmyt en moat ek dúdlik wurde hoe't de finansjele posysje fan Neushoorn fersterke wurde kin.

Biblioteek

Ek de biblioteek yn de Blokhúspoarte krijt de kommende twa jier hast twa ton ekstra jild fan de gemeente. De biblioteek kin de hier net betelje fanwege in misferstân oer de begrutting. De gemeente past dit jild de kommende twa jier by. Yn dy tiid hopet it kolleezje dat der in oplossing komt foar de jildproblemen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)