OVV begjint ûndersyk nei delstoart elektrysk fleantúch

16 okt 2018 - 17:02

De Onderzoeksraad voor Veiligheid is in ûndersyk begûn nei it elektrysk fleantúchje, dat sneon yn it Grinslanner Onstwedde delstoarte. Dêrby kaam de 55-jierrige piloat út Drachten om it libben.

Foto: De Vries Media

De man wie eigener fan Flightlevel en wie ûnderweis nei in demonstraasjeflecht. It tastel is foar in grut part fernield rekke, omdat it nei de crash yn brân fleach. De ûndersyksried hat it wrak yn beslach naam foar technysk ûndersyk.

Fan grut belang

It ûndersyk is foar de ried fan grut belang, om't dit de earste kear is dat in elektrysk fleantúch yn Nederlân delstoart is. Troch it ûndersyk kinne miskien mear ûngelokken foarkommen wurde.

(advertinsje)