Ald-Hearrenfeanspiler Gerben Hofma (93) ferstoarn

16 okt 2018 - 16:49

Ald-Hearrenfean- en âld-Oranjespiler Gerben Hofma is sneon ferstoarn. Hy is 93 jier wurden. Hofma spile yn de jierren fjirtich en fyftich by SC Hearrenfean en foarme doe in duo mei Abe Lenstra.

Foto: Mensenlinq

Hofma wie linksbûten, Lenstra linksbinnen. Mei har twaën brochten se Hearrenfean tusken 1946 en 1951 alle jierren nei de noardlike titel.

Hofma kaam yn 1950 twa kear út foar it Nederlânske alvetal, tsjin Sweden en tsjin Finlân. Dat wie gjin súkses: Oranje ferlear beide wedstriden mei 1-4.

(advertinsje)