Ek nei 2018 moat in kulturele haadstêdorganisaasje bliuwe

16 okt 2018 - 16:18

Kulturele haadstêd-direkteur Tjeerd van Bekkum wol dat ek nei 2018 in soarte fan kulturele haadstêdorganisaasje bestean bliuwt. De ein fan dit kulturele haadstêdjier komt hast yn sicht.

Foto: Gemeente Smellingerlân

De hiele moanne novimber stiet fol mei grutte festiviteiten as ôfsluter fan dit bysûndere jier. It hjit de re-opening mei as gedachte dat alles trochgean moat. Hjirfoar is it fan grut belang dat der in ûnôfhinklike partij bliuwt dy't de karre lûkt, seit Van Bekkum.

"Mijn taak is om de stichting af te bouwen. De zorg is dat we er straks achter komen dat we het kind met het badwater misschien wel weg hebben gegooid. Je hebt aanjagers nodig die mensen motiveren. Ik denk niet dat dit gaat gebeuren als het weer allemaal terug gaat naar verschillende partijen.''

Je hebt een club nodig die keuzes maakt

Van Bekkum wiist as foarbyld nei Rotterdam. Nei't dizze stêd kulturele haadstêd west hie yn 2001, wie it de gemeente dy't it oernaam. Nei twa jier is der dochs wer in stichting yn it libben roppen.

"Die hebben de opdracht gekregen om jaarlijks een programma te creëren met ook pieken erin. Je hebt een club nodig die keuzes maakt en tegen de culturele sector zegt: dit wel en dit niet. En je geeft duidelijk aan dat de overheid niet overal zijn vingers in moet willen hebben, want de creativiteit zit in de mienskip.''

Tjeerd van Bekkum

Foto: Omrop Fryslan

Re-opening

Neffens Van Bekkum is de re-opening yn novimber in statement. It moat it nije Fryslân sjen litte, de klisjees foarby. De re-opening wurdt ophongen oan trije festivals dy't dit jier ekstra grut útpakke: it Noordelijk Filmfestival (5 o/m 11 novimber), Explore the North en ljochtfestival Luna (beide 22 o/m 24 novimber) oanfolle mei in soad oare eveneminten.

Der is mei opsetsin net keazen foar ien hiel grut einfeest mei fjoerwurk, mar foar in moanne lang feest.

(advertinsje)
(advertinsje)