Ryk komt mei plan foar bergjen fleantúchwrakken

16 okt 2018 - 16:04

It kabinet komt mei in nasjonaal programma om de wrakken te bergjen fan tsientallen fleantugen dy't yn de oarloch mei har bemanning delstoart binne.

Foto: Omrop Fryslân

De ministers Ollongren en Bijleveld skriuwe yn in brief oan de Twadde Keamer dat se der wurk fan meitsje wolle. Beide ministers wolle mei it nasjonale programma rjocht dwaan oan de winsk fan neibesteanden fan bemanningsleden dy't omkaam binne. En se sjogge it ek as in gebaar, mei it each op de fiering fan 75 jier befrijing yn 2020.

Yn de Twadde Wrâldoarloch giene yn Nederlân sa'n 5.500 fleantugen ferlern. Fan in grut oantal dêrfan lizze der noch resten yn de boaiem. Yn sa'n 400 fleantúchwrakken binne nei alle gedachten noch stoflike resten fan bemanningsleden te finen.

Ut ûndersyk docht bliken dat der mar sa'n 30 oant 50 plakken binne dêr't ek echt stoflike resten fûn wurde kinne. It bergingsprogramma rjochtet him op dy plakken.

15 Miljoen euro

Der komt in wurkgroep mei fertsjintwurdigers fan ûnder mear de gemeenten en de Studiegroep Luchtoorlog 1939-1945. Dy wurkgroep advisearret oer kânsrike bergingen. De gemeenten beslute oer eventuele bergingen. It Ryk betellet se. De berging fan de kânsrike wrakken kostet sa'n 15 miljoen euro.

Foto: Omrop Fryslân

Douwe Drijver

Gjin Fryske wrakken

Earder sei Alexander Tuinhout fan de Missing Airmen Memorial Foundation dat der gjin Fryske fleantúchwrakken op de lanlike list stean. De stichting hâldt him al jierren dwaande mei de wrakken en hawwe út Fryslân wei meiwurke oan de lanlike list.

Mei it útgraven fan it Lancaster-wrak yn de Alde Feanen en in wrak foar de Fryske Iselmarkust ha de gemeenten hjir al hiel aktyf west. It iennige wrak op lân dêr't noch in stoflik omskot yn sit, is in Dútske jager yn it Noarderleech.

Foarearst binne Dútske fleantugen net yn byld foar help fan it Ryk. Ek wrakken op see wurde net meinaam, omdat de lokaasjes meastentiids net bekend binne en der relatyf net folle oer is fan mooglike stoflike omskotten.

(advertinsje)