Provinsje wol batterijtreinen op it Fryske spoar

16 okt 2018 - 15:21

Oer sân jier moatte der batterijtreinen ride op it spoar yn Fryslân. Dat wol de provinsje. Dy wol sa wurk meitsje fan de ambysje om yn 2025 alle iepenbier ferfier útstjitfrij te meitsjen.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De treinen ride op spesjale batterijen dy't fia de boppeliedingen op de begjin- en einstasjons sa gau mooglik oplade. It spoar moat dêr wol foar oanpast wurde. Dat kostet 66 miljoen euro.

De provinsje wurket yn dizze plannen gear mei it Ryk, Arriva, ProRail en de provinsje Grinslân. Ein takom jier wurdt dúdlik oft de plannen trochgean kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)