Nederlânske follybalfroulju moatte tsjin Servië yn de heale finale fan it WK

16 okt 2018 - 14:40

Marrit Jasper fan Snits nimt it mei de Nederlânske follybalfroulju yn de heale finale fan it WK op tsjin Servië. Dat waard tiisdei dúdlik nei it 1-3 ferlies (25-23, 13-25, 18-25, 17-25) tsjin Sina.

Marrit Jasper hat nûmer 18 - Foto: www.orange-pictures.nl

De earste set gie noch nei it team fan bûnscoach Jamie Morrison, mar dêrnei wie Sina in stik better. Dat team wie hiel goed yn de blokkearring en dêr hie Nederlân muoite mei. Marrit Jasper mocht yn de tredde set meidwaan en wie belangryk.

Oranje stie mei 11-15 efter en Jasper, dy't jierren by VC Snits spile, wie belangryk mei har service en stie ferdigenjend goed. "Het was een goeie invalbeurt van Marrit Jasper. Drie punten op haar service, dat is grote klasse." Dat sei âld-follyballer Peter Blangé, dy't ko-kommentator wie by Ziggo Sport dan ek.

Yn de fjirde set kaam Sina wer rom foar, mar Nederlân kaam werom ta 14-15. Mar dêr bleau it by, want Sina sette goed troch en wûn de set mei 18-25 en de wedstriid mei 1-3.

Nettsjinsteande it ferlies, hie Nederlân moandei de heale finales al berikt, nei winst op Feriene Steaten.

It is de earste kear dat Nederlân by de bêste fjouwer lannen sit op in WK. De oare heale finale giet tusken Italië en Sina. Oranje spile earder al tsjin Servië en wûn doe mei 3-0. De heale finales wurde freedtemoarn spile.

Trefwurden: 
WK Marrit Jasper Japan follybal
(advertinsje)