Op 'e nij jildynsammelaksje foar 'blokkear-Friezen'

Der is op 'e nij in crowdfunding foar de saneamde blokkear-Friezen. Sympatisanten fan de 34 fertochten dy't ferline jier mei de lanlike yntocht fan Sinteklaas de A7 by De Jouwer blokkearren, wolle safolle jild as mooglik ophelje.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Mei it jild wolle se de fertochten finansjeel kompensearje, mochten dy in wurkstraf krije of de sel yn moatte. De inisjatyfnimmers hoopje fia de webside www.strafpiet.nl 200.000 euro op te heljen.
It Iepenbier Ministearje easke ferline wike wurkstraffen tsjin de fertochten. Neffens it Iepenbier Ministearje soene de fertochten in jildstraf net fiele.
De útspraak is op 9 novimber. By in eardere crowdfunding waard mear as 40.000 euro ophelle.