Hûs op It Hearrenfean skoarre fanwege ynstoartingsgefaar

16 okt 2018 - 13:57

In wenning oan It Meer op It Hearrenfean wurdt skoarre om't it hûs drige yn te stoarten. De bewenners bellen moandeitejûn de brânwacht om't de muorren yn beweging kamen.

Foto: CAMJO Media

Ut ûndersyk die bliken dat de gevel net stabyl is. Der siet ek in grutte skuor yn de sydgevel. It hûs is fanwege it ynstoartingsgefaar fuortendaliks skoarre troch in boubedriuw.

Der wurdt noch útsocht hoe't it komt dat it hûs ynienen sa ynstabyl wurden is.

Foto: CAMJO Media
(advertinsje)