Studinten langer ûnderweis troch wurk oan it spoar: "Dat is bale!"

16 okt 2018 - 13:02

Studinten, dy't fia Bûtenpost nei Ljouwert reizgje, bale dat se dat de kommende perioade mei de bus dwaan moatte. It is it gefolch fan de wurksumheden oan it spoar. Se moatte mei de bus en dat kostet folle mear tiid.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Neffens studint Henk Jansma út Frjentsjer is hy no in healoere langer ûnderweis. "Dat is vervelend, maar voor een paar weken kan het wel."

Rianne de Vries en Grytsje Kempenaar moatte nei Grins, nei de universiteitslokaasje Zernike. It positive is dat de bus dêr streekrjocht hinne giet. "Dat klinkt goed, mar dy bus giet net de hiele dei. As ús dei letter begjint, moatte wy dus likegoed betiid fuort", seit Grytsje. "Wy binne hjoed noch net segrinich, mar ik wit net hoe't dat moarn is."

De wurksumheden oan it spoar tusken Ljouwert en Grins binne de earste fan in rige. It kommende jier sil it faker foarkomme dat de treinen op in diel fan it trajekt net ride kinne.

De data wêrop't de treinen net ride tusken Ljouwert en Grins:

  • Zuidhorn - Hoogkerk: 15 - 29 oktober 2018
  • Zuidhorn - Grins: 17 - 29 oktober 2018
  • Ljouwert - Hurdegaryp en Hurdegaryp - Feanwâlden: 23 - 25 febrewaris 2019
  • Ljouwert - Hurdegaryp en Hurdegaryp - Feanwâlden: 2 - 4 maart 2019
  • Zuidhorn - Hoogkerk: 8 - 11 juny 2019
  • Ljouwert - Grijpskerk: 13 - 23 july 2019
  • Zuidhorn - Hoogkerk: 23 - 29 oktober 2019
Trefwurden: 
bus trein Arriva Bûtenpost wurk
(advertinsje)