Voedselbank is noch altyd nedich, ek al is ekonomyske krisis foarby

16 okt 2018 - 12:58

It giet better mei de de wrâld en mei de ekonomy, mar net elk fernimt dat. Yn Nederlân binne noch altyd in soad minsken oanwiisd op de Voedselbank, sadat se in miel iten op tafel sette kinne.

Foto: Omrop Fryslân

It is dizze tiisdei 'Wereldvoedseldag' en woansdei is it 'Wereldarmoededag'. De Voedselbanken ha dizze wike dêrom útroppen ta wike fan de Voedselbank. Dêrmei wolle se de drompels ferleegje, want minsken hoege har net te skamjen as se nei de Voedselbank geane.

Yn Dachten is it noch altyd drok by de Voedselbank. "We kinne alle stipe wol brûke," seit Pieter Offringa fan de Voedselbank. "We binne noch nedich, we fernimme oeral wol dat de krisis foarby is, mar we binne mar in bytsje yn klanten achterút gien, mar net folle. Hjir komme faak minsken dy't djip yn de skulden sitte en dêr binne se net gelyk út. Se komme foar langere tiid hjir."

Foto: Omrop Fryslân

Aksjewike

Dizze aksjewike fynt Offringa in goed idee. "We wolle de minsken mear yn de kunde bringe mei it wurk. Der is noch wol huiver om by ús oan te klopjen. No kinne se ris binnensjen."

De Voedselbank hat 175 klanten dy't alle wiken út de gemeente Smellingerlân komme. De produkten komme foar in tredde part by lanlike multinationals wei, wer goed in tredde komt alle dagen fan supermerken en wer in tredde komt fan aksjes fan tsjerken en sportferieningen. Se ha goed kontakt mei de leveransiers. "As se guod oer ha, witte se ús te finen."

Iepen hûs

Kommende sneon is der iepen hûs by de Voedselbank tusken 11.00 en 15.00 oere.

(advertinsje)