Fryske útjouwers sjogge tefreden werom op Frankfurter Buchmesse

Fryske útjouwers hawwe mei 19 bûtenlânske útjouwers op de Frankfurter Buchmesse praat. Dat is mear as de foargeande jierren. De ynternasjonale promoasje fan de Fryske literatuer docht fertuten. De Fryske delegaasje op de Frankfurter Buchmesse is tefreden oer de resultaten. De kontakten mei de bûtenlânske útjouwers moatte soargje foar mear oersettingen fan Fryske boeken.
© Provinsje Fryslân
De Fryske literatuer waard dit jier foar de tredde kear fertsjintwurdige op de Frankfurter Buchmesse, de grutste en wichtichste boekebeurs fan 'e wrâld.
Jitske Kingma, dy't út namme fan de Fryske útjouwers petearen mei de bûtenlânske útjouwers hat: "Jo kinne fernimme dat de Fryske literatuer hieltyd mear serieus naam wurdt. De petearen dy't wy hân hawwe, wurde ek hieltyd konkreter. Men stiet iepen foar nije ûntwikkelingen en foar nij talint."

Ynternasjonaal nivo

Op de boekebeurs is in grut ferskaat oan Fryske literatuer oan útjouwers presintearre. Lykas de lêsten ferskynde twatalige (Ingelsk-Frysk) blomlêzing oer de Fryske literatuer: Swallows and Floating Horses.
Neffens deputearre Sietske Poepjes is it wichtich foar de Fryske literatuer om harren ek op ynternasjonaal nivo te presintearjen. "De Fryske literatuer is in rike en folweardige literatuer dy't ek in plak fertsjinnet bûten de provinsjegrinzen," seit de deputearre. Provinsje Fryslân stipet Boeken fan Fryslân finansjeel foar in stand op de boekebeurs.