Wurdum moat in sinnewâl krije

16 okt 2018 - 12:11

Wurdum moat in sinnewâl krije, lâns de autodyk A32. It plan komt fan ien fan de doarpsbewenners, Timea Kovacs.

Hayo Bootsma praat mei Timea Kovacs

"Zonnepanelen verspreid langs de snelweg vallen minder op," leit Timea Kovacs út. "Ze kunnen op een geluidswal, een zonnewal. Die heeft dan een dubbele functie: geluidsoverlast verminderen en zonne-energie opwekken."

Se hat in hiele stúdzje fan it plan makke mei tal fan referinsjes. "Ik haal inspiratie uit een plan bij de gemeente Leek. Daar is een zonneberm met een fietspad en een ruiterpad dat goed in de omgeving past." Neffens har is de sinnewâl winske en past it goed by it doarp.

Foto: Omrop Fryslân

Wurdumers en ynwenners fan Wytgaard wurde frege te ynvestearjen. Gjin grut bedriuw dus, mar it idee is om it út de mienskip wei te dwaan.

Koartlyn waard bekend dat in oar plan foar in sinnepark by Wurdum net trochgiet. It plan fan enerzjybedriuw Groenleven soarge foar in soad wjerstân. De stekker is der dan ek útlutsen.

(advertinsje)