SC Hearrenfean iepenet struifjild foar jiske fan ferstoarne supporters

Fuotbalklup SC Hearrenfean en Yardenhuis Schoterhof iepene tiisdei in struifjild foar jiske fan ferstoarne supporters. Neibesteanden kinne dêr de jiske fan de ferstoarne supporter op it kompleks fan Yarden yn Nijskoat ferstruie.
SC Hearrenfean iepenet struifjild foar jiske fan ferstoarne supporters
Der is in apart hoekje ynrjochte mei in blompark mei de klupkleuren. By it fjildsje steane stadionstuoltsjes en it logo fan de fuotbalklup dat yn kortensstiel útfierd is.
Neffens de inisjatyfnimmers is de klup foar guon supporters in belangryk diel fan harren libben. Mei it struifjild kinne de neibesteanden yn styl ôfskied nimme.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma