Mei foto's ôfskied nimme fan Ferwerderadiel

16 okt 2018 - 10:36

De Stichting foar Rekreaasje en Toerisme nimt fan 2 novimber ôf ôfskied fan de gemeente Ferwerderadiel. Dy gemeente giet mei de gemeenten Dongeradiel en Kollumerlân mei yngong fan 1 jannewaris op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: Evert Wilstra

De stichting wol dat net samar foarby gean litte en hat mei it Dokumintaasjesintrum Ferwerderadiel en fotograaf Evert Wilstra in fototentoanstelling ynrjochte. It dokumintaasjesintrum smyt it argyf iepen. Dêr binne histoaryske foto's en filmkes te sjen.

Op de fototentoanstelling binne 'highlights' fan it terpelânskip fan Ferwerderadiel te sjen, lykas it timpeltsje fan Ids Willemsma en de terp fan Hegebeintum en it Waad.

Ferhaal fan doe en no

De foto's fertelle it ferhaal oer de minsken en it moaie lânskip fan Ferwerderadiel: in ferhaal fan doe en no. Ek learlingen fan it fuortset ûnderwiis yn de gemeente sille foto's meitsje.

De útstalling is oant en mei 23 desimber te sjen yn it besikerssintrum TERP Hegebeintum.

(advertinsje)