Tennispark Koatstertille net yn 1990 oanlein, mar yn 1977: opknapbeurt nei foaren helle

16 okt 2018 - 10:18

It tenniskompleks yn Koatstertille wurdt takom jier opknapt. De gemeente Achtkarspelen lûkt der in bedrach fan 12.500 euro foar út.

Foto: ANP

De renovaasje fan it Tilster tennispark stie eins foar 2021 op de planning. Dat wie basearre op ynformaasje yn it ûnderhâldsrapport dat it park yn 1990 oanlein wie. Mar sa't no bliken docht is it park al yn 1977 oanlein. Dêrom is de renovaasje nei foaren helle.

(advertinsje)