Plannen foar in sinnepark by de fleanbasis: "Net ien wie der op tsjin"

Der binne plannen foar in sinnepark fan 12 hektare by de doarpen Marsum en Ingelum. Dat park soe dan flak by de fleanbasis Ljouwert te lizzen komme. Definsje sjocht it sitten, de provinsje sjocht it sitten, mar der moat ek draachflak ûnder de ynwenners fan de doarpen wêze.
© ANP
Der wie moandei in ynformaasjejûn foar bewenners yn Ingelum. Der wiene 36 minsken op ôfkaam. "Dat binne in soad, Ingelum is net sa grut", seit Geert Verf fan it doarpsbelang. "Der wiene aardich wat reaksjes en fragen, ek krityske. Net ien wie der op tsjin, mar it binne allinnich mar plannen fansels. Op 6 novimber is de folgjende gearkomste, dan sille we de mooglikheden fierder ûndersykje."
Geert Verf oer de plannen foar it sinnepark
It sinnepark moat op de grûn fan de fleanbasis lizze. Definsje wol graach duorsumer wurde, mar sa'n sinnepark kin net op de fleanbasis. Dêrom ha se de omlizzende doarpen benadere. As it trochgiet, dan is der genôch stroom foar Marsum, Ingelum, Ritsumasyl, Jelsum, Koarnjum en Definsje.