Ljouwerter Keamerlid Van der Molen: neat taboe by herfoarmjen publike omrop

16 okt 2018 - 08:10

It skrassen fan ien fan de publike telefyzjestjoerders is in stap tichteby kaam no't it Ljouwerter Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA) sein hat dat neat langer taboe wêze mei by it herfoarmjen fan de publike omrop.

Foto: CDA

Hy seit dat yn De Telegraaf. Der wurdt neffens Van der Molen minder nei telefyzje sjoen en dêrom moat der objektyf sjoen wurde nei it oantal radio- en telefyzjestjoerders. Benammen NPO3 soe yn gefaar wêze.

De publike omrop stiet al langer ûnder druk. It oantal sjoggers en de reklame-ynkomsten rinne werom. De omroppen krije elk jier 730 miljoen euro subsydzje.

Trefwurden: 
Harry van der Molen NPO3
(advertinsje)