Kollum: "In dikke punt achter Pyt"

16 okt 2018 - 07:25

"Hoe't it mei jim sit wit ik net, mar ik bin bliid dat de rjochtsaak fan foarige wike foarby is. De eask leit der, no de útspraak noch. It wurdt tiid om der in dikke punt achter te setten. Foar mysels set ik dy no.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

As dizze kwestje ien ding dúdlik makke hat, is it wol dat it tradisjoneel opdielen fan de maatskippij yn links en rjochts by tefolle minsken noch foar master opslacht. De termen links en rjochts wurde yn 'e regel sûnder nei te tinken en refleksmjittich brûkt. Yn 'e praktyk betsjut dat: links is alles dat doocht, dat de noarm is, it ferstannige en faak moreel superieure part fan de maatskippij. Links is kosmopolitysk. Rjochts dêrfoar oer is in diskwalifikaasje. Rjochts is alles dat net doocht, dat fier fan de noarm stiet, dat ûnferstannich, lomp en egoïstysk is. Rjochts begrypt it gewoan net, dêrom moat links it noch better útlizze. Rjochts is moreel ynferieur en nasjonalistysk.

It giet nea oer de echte ynhâld fan dy begripen. Want sa't dy no brûkt wurde bestean se al jierren net mear. Eartiids kamen linkse politisy op foar de earmen en rjochtse foar de riken. Mar sûnt de Derde Weg fan bygelyks Clinton en Blair is de klassestriid foarby. Dêr is in nije skieding fan saneamde nasjonalisten en kosmopoliten foar yn 't plak kaam. De earsten binne leech oplaat, de oaren heech oplaat mei in goed ynkommen en in goede baan. Dy skieding hat de âlde links-rjochts as op 'e kop set. Dêr't eartiids de leech oplaten links stimme soene, dogge se dat no op de rjochterflank, en dêr't de heech oplaten earder rjochts stimme soene, dogge se dat no op de middenpartijen en de linkerflank. It is op syn minst opmerklik te neamen dat it himsels as progressyf en yntellektueel kwalifisearjend part fan de befolking dat net sjen wol.

As de blokkearkwestje noch wat dúdlik makke hat, is it dat elkenien framed. Eartiids in rjochtse hobby, no docht links like hurd mei, dêrmei ûnderstreekjend dat dy begripen net mear bestean. Foarbylden: Friezen binne NSB-boeren. Friezen binne ksenofoob. It Frysk-wêzen is rasistysk. Samar in pear frames dy't hiel effektyf blike. Hie ik it foarige wike oer it IM dat him op leechlizzende, begekjende en bernige wize nei it folk op Skerjontsjes bûgde: in pear dagen letter stie der in close-up foto fan klompedragers op de foarside fan in krante. De media spilet wat dat oangiet in kwealike rol. Utsein in pear objektive, serieuze en yntegere kanalen is it meastepart fan de media omraak oan it polarisearjen. Alles om kranten te ferkeapjen, alles om sjochsifers op te krikken.

Yn blokkearsaak bin der allinne mar ferliezers. De minsken dêr't it om giet ha in idioat hege eask te hearren krige en binne fuortset wurden as NSB'ers, rasisten en ksenofoben. De anty-Pyt-beweging is gjin sintimeter fierder kaam mei dat wat se berikke wolle. Links tsjinoer rjochts, goed tsjinoer fout, swart tsjinoer wyt, nasjonalist tsjinoer kosmopolyt. Sa'n twadieling is folslein fiktyf. Like fiktyf as de personaazjes dêr't dizze saak omhinne spilet."

(advertinsje)