Soargje túntsjes by konteners foar minder swalkôffal op It Hearrenfean?

16 okt 2018 - 07:24

It wie in grut probleem fan it simmer op It Hearrenfean: oerlêst troch swalkôffal, dat njonken de ûndergrûnske ôffalkonteners dumpt waard. Yn de wyk Nijehaske gie it sels fan losse pûden ôffal oant heale kuolkasten.

Foto: Omrop Fryslân, Feike Wouda

De gemeente soe maatregels nimme en dat is yntusken te sjen. Yn Skoatterwâld lizze no túntsjes mei blomkes om de ôffalkonteners hinne. Wethâlder Jaap van Veen is tefreden.

Watfoar problemen wiene der?

"We hadden te maken met zogenaamde hotspots, plaatsen waar meerdere keren per week afval werd gedumpt. Dat was in Nijehaske en Skoatterwâld."

No ha jimme om de ôffalkonteners yn Skoatterwâld túntsjes oanlein. Hoe helpt soks tsjin it dumpen fan ôffal?

"Het is een soort jasje van kunstgras en -bloemen en dat moet een soort perceptie geven bij de bewoners: je associeert het met schoon en fris. Dat moet invloed hebben op het gedrag van onze burgers en dat moet leiden tot minder afval. In de wijk De Greiden plaatsten we daar drie weken geleden al iets en waar we voorheen meerdere malen per week 'bijplaatsing' van afval hadden, is dat nu nog maar één keer voorgekomen."

En it sjocht der noch fleurich út ek.

"Er stopten direct omwonenden die zeiden dat het de buurt opfleurt. Ze zijn blij dat ze eindelijk van de overlast af zijn."

Watfoar maatregelen ha jimme fierder nommen?

"We hebben verklikkers geplaatst. Als er 's nachts iemand komt en er beweging is, gaat de verlichting aan. We hebben heggen gesnoeid, een brievenbus laten verplaatsen. We willen in de hele gemeente schoon worden en zijn bezig met acties met scholen, waarbij kinderen zwerfafval oprapen. Ondernemers houden een straal van 100 meter rond hun eigen winkel schoon."

Joline Dalstra yn petear mei wethâlder Jaap van Veen

(advertinsje)