Fan tiisdei ôf trettjin dagen gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins

16 okt 2018 - 05:58

It is tiisdei de earste fan trettjin dagen dat der gjin treinen ride tusken Bûtenpost en Grins. Wa't dy kant út wol - en werom trouwens ek - dy moat oerstappe op 'e bus. It stillizzen fan it treinferkear hat te krijen mei wurk oan it spoar, want dat moat klear makke wurde foar de takomst.

Studinten dy't nei Zernike yn Grins moatte, kinne yn Bûtenpost op in bus stappe dy't har dêr streekrjocht hinne bringt.

It is it begjin fan in lange tiid mei wurksumheden oan it spoar tusken Ljouwert en Grins. It kommende jier sil it faker foarkomme dat de treinen op in diel fan it trajekt net ride kinne.

De data wêrop't de treinen net ride tusken Ljouwert en Grins:

  • Zuidhorn - Hoogkerk: 15 - 29 oktober 2018
  • Zuidhorn - Grins: 17 - 29 oktober 2018
  • Ljouwert - Hurdegaryp en Hurdegaryp - Feanwâlden: 23 - 25 febrewaris 2019
  • Ljouwert - Hurdegaryp en Hurdegaryp - Feanwâlden: 2 - 4 maart 2019
  • Zuidhorn - Hoogkerk: 8 - 11 juny 2019
  • Ljouwert - Grijpskerk: 13 - 23 july 2019
  • Zuidhorn - Hoogkerk: 23 - 29 oktober 2019
Trefwurden: 
trein Arriva
(advertinsje)