Ried Harns easket fuortendaliks aksje fan Omrin en net yn maart

De ried yn Harns wol no aksje fan de Omrin en net folle letter yn maart takommend jier. Dat waard moandei dúdlik op de ekstra riedsgearkomste oer de steuring fan sneon 6 oktober. Op dy gearkomste waard ek dúdlik dat it ûndersyk fan de provinsje en de FUMO nei de mooglike sûnensrisiko's as gefolch fan de brân pas oer in pear wike klear is.
Welmoed Konst fan de PvdA Harns © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Dat hat wethâlder Harry Boon fan Harns ferteld op de ekstra riedsgearkomste. Boon sei dêrby dat hy it tige spitich fynt dat de útstjit by de REC fan Omrin net mear permanint metten wurdt. Omrin fynt it net mear nedich om de útstjit permanint te mjitten, sa hat it bedriuw de gemeente op 5 oktober witte litten.

'Arrogânsje' en 'minne kommunikaasje'

De ried fan Harns is tige kritysk oer de gong fan saken by de REC en ferwyt Omrin 'arrogânsje' en 'minne kommunikaasje'. De PvdA yn Harns is tige fernuvere dat de ynstallaasje de ôfrûne wike wer opstart is, wylst de stoompipen fan de ynstallaasje dy't op 6 oktober foar de steuring soargen noch net ferfongen binne. Omrin wol de stoomlieding pas yn maart 2019 ferfange.
PvdA-riedslid Welmoed Konst fynt dat fierstente let. De PvdA wol dat de stoompipen op koarte termyn ferfongen wurde. As dat net kin, moat de REC stillein wurde oant de stoomlieding fernijd is. De ried fan Harns stimde ienriedich foar dy moasje, ek om sa in dúdlik sinjaal ôf te jaan oan de provinsje en de oandielhâlders fan Omrin.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Juridysk ûnfoldwaande"

Boargemaster Sluiter neamde de REC in 'houtje-touwtje-installatie'. Ek hy fynt in healjier wachtsje op in needsaaklike reparaasje fierstente lang, "want dan bestaat het risico dat je nog een paar keer zo'n storing krijgt."
By oerlis mei de provinsje hat de boargemaster te hearren krigen dat de steuring fan 6 oktober 'juridysk ûnfoldwaande is' om de REC stillizze te kinnen. Dat is pas mooglik by earnstige miljeu-oertrêdings of oantoand risiko foar de folkssûnens. De gemeente Harns hat sels net it foech om de ynstallaasje stil te lizzen.
De gemeente fynt it sa njonkenlytsen heech tiid om de oare Fryske gemeenten as oandielhâlders fan Omrin te mobilisearjen. Sluiter: "De REC verbrandt afval uit heel Friesland en is daarmee een Fries probleem." Harns wol no besykje om de oandielhâldersgearkomste fan Omrin nei foaren te heljen.

Hat Omrin strafber hannele?

It kolleezje fan boargemaster en wethâlder fan Harns sil ek it Iepenbier Ministearje freegje om te ûndersykjen oft Omrin net neilittich of strafber hannele hat by de brân fan 6 oktober. Neffens wethâlder Harry Boon is by de steuring de brânwacht pas fierstente let alarmearre.
De brân ûntstie om 2 oere middeis en de brânwacht waard pas oan it begjin fan de jûn ynskeakele troch ûngerêste ynwenners dy't lêst hiene fan stank. In oare brânwachtploech gie de jûns nei de REC om de brân definityf út te meitsjen.
Ek hat Omrin him neffens Boon net hâlden oan de ôfspraken út it kommunikaasjeprotokol, want de omjouwing fan de ynstallaasje waard net aktyf oer de steuring op 6 oktober ynformearre. "Volgens mij is Omrin heel goed in staat te communiceren, maar ze verdommen het", sei de CDA'er.
PvdA-riedslid Welmoed Konst fynt it 'raar' dat de REC sa fluch nei de steuring wer opstart is:
CDA-riedslid Hendrik Sytsma oer de problemen mei de REC