UPDATE: Anker net te sprekken oer reaksje Huys

15 okt 2018 - 22:50

Presintator Twan Huys hat oan it begjin fan de útstjoering fan RTL Late Night moandeitejûn de sitewaasje tusken him, Jenny Douwes en Jerry Afriyie útlein. Der wie argewaasje ûntstien nei't Douwes ôfrûne freed wegere om oan tafel yn petear te gean mei Afriyie, om't dat neffens har tsjin de ôfspraken wie. Yn it wykein kaam sawol Göran Sluiter, de advokaat fan Afriyie, as Wim Anker, dy't Douwes fertsjinwurdiget, mei in reaksje.

Foto: ANP

Neffens presintator Huys wie it de bedoeling dat beide haadrolspilers mei-inoar yn petear gean soene. "Onze redactie heeft weken geleden heldere afspraken gemaakt met beide partijen. Vlak voor de uitzending bleek dat Jenny Douwes niet met Jerry Afriyie aan tafel wilde zitten." Nei't de redaksje dat trochkrige hawwe se besocht om in oplossing te finen dêr't beide partijen harren yn fine koene, en wêrmei't der noch hieltyd in petear wêze koe.

"Uiteindelijk hebben we aan Jenny toegezegd dat ze alleen aan tafel kon komen te zitten." Afriyie soe dan yn it publyk sitte. Mar ûnder in reklameblok waard dúdlik dat Afriyie dêr net mei akkoart gean koe. "Achteraf gezien hadden we vast moeten aan de oorspronkelijke afspraken, en niet mee moeten gaan in de nieuwe eisen van de partijen", sa sei Huys.

Wim Anker is net te sprekken oer de reaksje fan Huys op moandeitejûn yn syn programma RTL Late Night. Der binne neffens Anker gjin ôfspraken makke oer in diskusje tusken Douwes en Afriyie. Der hat op 27 septimber in oriïntearjend petear west tusken de redaksje en Anker. Dat gie benammen oer juridyske kwestjes en de blokkade-saak like in goed earste item. Anker hat doe al oanjûn dat hy perfoarst gjin diskusje woe oer swarte pyt. Anker fynt it net te begripen dat Huys it oer hurde ôfspraken hat. Dy binne neffens him nea makke. Anker seit dat hy as 'lokeend' brûkt is om Douwes yn de studio te krijen. Neffens Anker is it betrouwen yn Twan Huys en syn team skeind.

(advertinsje)