Restauranteigener De Vries meast markante hoarekaûndernimmer fan Fryslân

Siep de Vries fan hotel restaurant de Stripe yn Wynjewâld is útroppen ta meast markante hoarekaûndernimmer fan Fryslân. Dat barde op it Markant Gala yn Beetstersweach.
© Omrop Fryslân
De Vries fersloech yn de finale syn kollega Erik Houter fan restaurant Gestrand op Flylân. De priis foar de meast markante hoarekaûndernimmer fan Fryslân wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. De priis is bedoeld foar ûndernimmers dy't op ynnovative wize oare kollega's yn de hoareka ynspirearje. Yn 2019 wurdt út alle provinsjale winners in lanlike winner keazen.
Houter en De Vries wiene as lêste twa oerbleaun fan 15 nominearre kandidaten.
Erik Houter (l) en Siep de Vries © Omrop Fryslân