Nederlânske kuorballers sûnder ferlies nei kwartfinales EK

15 okt 2018 - 21:45

It Nederlânske kuorbalteam hat moandei yn Drachten mei 40-12 fan Poalen wûn. Dat wie de lêste pûlwedstriid op it EK. Nederlân hie ek al de twa eardere groepswedstriden wûn en giet no sûnder ferlies nei de kwartfinale. Dy is woansdei yn it Kealledykje yn Ljouwert.

Twa LDODK'ers yn aksje: Marjolijn Kroon en Tamara Siemieniuk - Foto: www.dijksfotografie.nl

Topskoarer by Nederlân wie Laurens Leeuwenhoek mei acht treffers. Marjolijn Kroon, dy't by LDODK spilet, skeat seis kear raak. De Fries Erwin Zwart spile allinnich de twadde helte. Dêryn skoarde er twa kear.

In ploechgenoate fan Kroon by LDODK is de Poalse Tamara Siemieniuk. Sy makke fjouwer fan de tolve Poalske treffers.

De bûnscoach fan de Poalen is in Fries: Roelof Koopmans út Jobbegea.

Trefwurden: 
kuorbal EK Poalen
(advertinsje)