Turner Epke Zonderland is heit wurden fan in soan

Turner Epke Zonderland en syn frou Linda binne sneon heit en mem wurden fan in soan. It jonkje hat de namme Bert Eize krigen. De Olympysk kampioen makke it nijs moandeitejûn bekend op syn twitteraccount.
Epke sei dit wykein in oefenwedstriid tsjin Switzerlân ôf. Letter dizze moanne is it WK yn Katar.
Bert Eize is it earste berntsje foar it stel, dat yn 2016 troude.