Beëage wethâlder Boelsma: "Finânsjes grutste útdaging De Fryske Marren"

Mei it fuortgean fan twa wethâlders, koart achterinoar, rekket de gemeente De Fryske Marren in protte bestjoerlike ûnderfining kwyt. Dat seit de nije -beëage- wethâlder Luciënne Boelsma yn It Polytburo. Sy folget CDA-partijgenoat Janny Schouwerwou op. Foar FNP-wethâlder Johannes van der Pal wurdt noch in opfolger socht. Beide wethâlders jouwe sûnensproblemen as reden op foar harren ôfskie.
It Polytburo mei Luciënne Boelsma
Ien fan de útdagingen dêr't Boelsma har foar pleatst sjocht, is it jild dat bedoeld wie foar it sosjaal domein, mar dêr nea kaam is. Alle gemeenten yn Nederlân krije fan it Ryk jild, dit kin bygelyks brûkt wurde foar de jeugdsoarch, mar De Fryske Marren hat trije miljoen fan dat jild foar oare saken brûkt.
Neffens Boelsma is it jild op himsels wol goed telâne kaam, en is it foar in grut part bestege oan de mienskip. Folle dreger wurdt it, sa ferwachtet se, om foldwaande finansjele middels te finen foar de oare plannen dy't de gemeente hat.