Sân tips foar jonge âlden om brânfeilich in poppe grut te bringen

15 okt 2018 - 20:13

De Fryske brânwacht komt mei in kampanje om jonge âlden te wizen op de gefaren fan brân. Brânfeilichheid is net it earste dêr't je oan tinke as je in lytse poppe krije, seit de brânwacht, mar it is wol hiel belangryk.

In poppe mei it slabke fan de brânwacht - Foto: Brânwacht

De GGD dielt út namme fan de brânwacht slabkes út oan poppen dy't in pripke yn de hakke krije. Op it slabke stiet it logo fan de brânwacht. Sa freget de brânwacht omtinken foar in brânfeilige omjouwing foar âlden en bern.

Yn in folder warskôget de brânwacht foar de gefaren fan brân. "Een goede voorbereiding kan levens redden. Zo maak je van je roze wolk geen rookwolk!" Mar hoe meitsje jo je hûs no brânfeilich foar de nije poppe? De brânwacht jout sân tips:

Top sân tips foar brânfeiligens mei in poppe

Tip 1: Soargje dat je warskôge wurde
Yn 'e sliep wurde je net wekker fan reek, mar wol fan it alarm fan in reekmelder. Goedwurkjende reekmelders binne fan libbensbelang om op tiid fuort te kommen.

Tip 2: Koalmonokside, in slûpmoardner
Koalmonokside is in tige giftich gas dat net te rûken of te priuwen is. De brânwacht riedt minsken oan om harren cv-tsjettel alle jierren kontrolearje te litten, it hûs goed te fentilearjen en in koalmonoksidemelder op te hingjen.

Brânmelders kinne libbens redde - Foto: Brânwacht

Tip 3: Feilich itensiede
In protte brannen begjinne ûnder it itensieden. Brûk safolle mooglik de achterste pitten fan it gasstel, en draai de stâlen fan de pannen nei de syd- as achterkant. Sa kin jo soan as dochter neat fan it gasstel lûke en foarkomme jo brânwûnen.

Tip 4: Let op mei de apparaten
Hast alle elektryske apparaten wurde waarm as je se brûke. As de waarmte net goed fuort kin, bygelyks om't der tefolle stof op leit, is der in brângefaar. Hâld dêrom apparaten lykas in waskdrûger en tv stoffrij.

Brânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tip 5: Doch de doar ticht!
Reek is de grutste bedriging by brân. Tichte doarren soargje derfoar dat de reek net fier komme kin. Der is hjirtroch mear tiid om feilich it hûs út te kommen.

Tip 6: Soargje foar in plan
Mei in poppe yn 'e hûs steapelje de wask en oar (poppe)guod har al gau op. Soargje derfoar dat de flechtrûte (ynklusyf de trep) frij bliuwt. Praat ôf wa't mei hokker bern as hûsbist nei bûten ta giet, en oefenje foarôf de fluchste en feilichste rûte.

Tip 7: Brânwûnen
Mear as in kwart fan de pasjinten mei brânwûnen is jonger as fiif jier. Yn 90% fan de gefallen is de oarsaak in hjitte floeistof lykas tee as kofje. Drink dêrom nea hjitte tee of kofje mei in bern op skutte. Set de kopkes altyd yn it midden fan de tafel, en wês foarsichtich mei kearzen, oanstekkers en lúsjefers.

Trefwurden: 
brânwacht
(advertinsje)