Haulerwykster docht eigen speurtocht nei moardner Fokko Werkman

De moard op kroechbaas Fokko Werkman fan de Haule is yntusken alwer 15 jier lyn. De saak hâldt Popke Akkerman noch hieltyd dwaande. In dei nei de moard stie der in man by Akkerman foar de doar. Hy neamde de namme fan de mooglike moardner. De namme hat Akkerman ûnthâlden, mar wa't by him oan de doar stie? Dêr is hy nea achter kaam.
Tafelpetear oer de saak
Akkerman hat faak oer de saak neitocht, mar gie der fanút dat de plysje de dieder wol fine soe. Neat is minder wier wurden. Om't Akkerman net oansjen kin dat de moardner noch frij rûn rint, is hy twa jier ferlyn sels in syktocht begûn. Syn kompaan Marten ten Hoor helpt him dêrby, om't hy Fokke Werkman goed koe en gauris yn syn kroech kaam.
© Omrop Fryslân
De moard op Fokko Werkman
Fokko Werkman wie de baas fan kafee De Turfsteker op 'e Haule. Op snein 12 oktober 2003 waard hy dea fûn op de flier yn syn wenning op 'e Haule. Hy lei op syn rêch njonken de bank. By de holle in grutte plasse bloed. Wiidweidich ûndersyk en tips oer de moard smiten troch de jierren hinne neat op.
Tichter by de dieder
De plysje is der fan oertsjûge dat de dieder út de buert komt, mar kin de saak net oplosse. It is in Cold Case saak wurden, al betsjut dat neffens Akkerman net dat der no noch ûndersyk dien wurdt.
Doe't de saak fan Marianne Vaatstra oplost wie, tocht Akkerman 'dit moat ek kinne by Fokko Werkman'. Popke Akkerman hat kontakt socht mei de plysje en it coldcase-team, mar sy sitte neffens him net op syn help te wachtsjen. Dochs tinkt hy alle dagen oan de saak en komt hy hieltyd tichter by de dieder. "Ik wit net oft ik him takom wike fyn, mar miskien moarn wol, as ik nije tips krij".
Jacht op de moardner Fokko Werkman
As der minsken binne dy't noch wat te binnen sjit, dan wol Akkerman dat graach witte. Op syn mailadres popkeakkerman@gmail.com kinne minsken him maile mei tips oer de saak. Boppedat hat hy ek 5000 euro ekstra beleanning byinoar sammele foar de gouden tip. Dit bedrach komt boppe op de 10.000 euro dy't justysje beskikber steld hat.