VLOG: Regina Bijlsma moetet Mr. Jones yn Parys

15 okt 2018 - 19:02

Yn dizze vlog sjogge we ûnder oaren dat Regina Mr. Jones moetet yn Parys. In bysûndere moeting, want dizze man is ien fan de lêsten dy't har soan Jim yn Parys sjoen hat.

Op 17 oktober is it fiif jier lyn dat de 19-jierrige Jim Sluiter yn Barcelona omkaam by in ûngelok. Syn mem, Regina Bijlsma, folget sûnt freed 5 oktober de lêste reis fan har soan. Foar har is dizze reis in ôfsluting fan in drege perioade en it begjin fan in nij libben. Underweis vlogt se foar Omrop Fryslân har ûnderfiningen.

Yn har foarige vlogs seagen we Regina ûnder oaren yn Antwerpen en yn Parys by it grêf fan Jim Morrison.

(advertinsje)