De wyk Vierstromenland yn Surhústerfean wurdt lang om let 'wenryp' makke

15 okt 2018 - 18:50

Tolve jier nei't de earste huzen yn de nije wyk Vierstromenland yn Surhústerfean oplevere binne, wurdt de wyk klear makke om te bewenjen. "Der wiene in protte tsjinslaggen en de bewenners hawwe in soad geduld hawwe moatten", seit wethâlder Max de Haan fan Achtkarspelen. "Lokkich wurdt no alles ôfwurke."

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Wat der no bart, is it opnij klearmeitsjen fan de dyk en it oanlizzen fan stoeprânen, ynritten, lantearnepeallen, parkearplakken en grien.

Winsken fan de bewenners

De gemeente wol safolle mooglik temjitte komme oan de winsken fan de bewenners. Dêrom komt der in fytspaad om by it haventsje te kommen, in parkje mei in skulpepaad en picknickbank en mear ferljochting.

Ofhinklik fan it waar is de rekonstruksje healwei 2019 klear.

Ekonomyske krisis soarget foar fertraging

It plan foar Vierstromenland waard yn 2004 fêststeld. Twa jier letter waarden de earste wenningen al oplevere. Nochris twa jier letter, yn 2008, stagnearre de bou fanwegen de ekonomyske krisis. Hieltyd minder wenten waarden ferkocht en yn 2010 lei de ferkeap hielendal stil.

Projektûntwikkeler Megahome kaam yn de finansjele problemen en gie yn 2016 fallyt.

Dit jier hat de gemeente oerienstimming berikt oer de oerdracht fan it gebiet en kinne se in begjin meitsje mei it 'wenryp' meitsjen fan de wyk.

(advertinsje)