Wike sel foar it stellen fan in pak kofje

15 okt 2018 - 18:30

In man fan 75 út Ljouwert moat in wike de sel yn omdat er in pak kofje stellen hat by in winkel op it Cambuurplein yn de stêd. De man waard betrape doe't er de saak út soe mei in pak Wiener Melange yn de binnenbûse.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

In meiwurker fan de winkel hie sjoen dat er de kofje yn syn jaske ferstoppe. De fertochte sei dat er in âld pak kofje omruilje woe, dat er al earder kocht hie. Doe't er seach dat der in lange rige by de kassa stie, besleat er mei syn 'eigen' pak kofje de winkel út te rinnen. De rjochter leaude de man net.

De fertochte hat in strafblêd fan 15 siden. Hy is faker feroardiele foar stellerij. Hy hat ek al ris fjouwer jier fêstsitten foar drugssmokkel. Hy siet yn in proeftiid, der hong him noch fjouwer wiken sel ûnder betingst boppe de holle.

Trefwurden: 
rjochter sel kofje
(advertinsje)