Sportoersjoch: Min wykein foar Frysk fuotbal

15 okt 2018 - 18:21

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Andor Faber skoot oan.

Yn it sportoersjoch fan dizze wike sjogge wy nei de teloarstellende wedstriid fan SC Cambuur tsjin Sparta. Der stie yn dizze wedstriid wol wat op it spul, want by winst hiene de Ljouwerters wer de oansluting mei de top yn de Keuken Kampioen difyzje krigen. Mar Cambuur krige gjin foet oan de grûn yn Rotterdam, en waard mei 3-0 oan de kant set.

Ek by it amateurfuotbal wie it allinnich mar teloarstelling. Harkemase Boys en ONS ferlearen beide harren wedstriid fan dit wykein. SC Hearrenfean kaam net yn aksje fanwege ynterlân fuotbal.

Oare sporten

It WK turnjen wurdt ek bepraat, want dat is dizze moanne yn Katar, yn Doha. Snein krigen de turnsters de lêste kâns om yn in freonskiplike wedstriid tsjin Switserlân te oefenjen foar dit WK. Hjir wie ûnder oare Michel Bletterman út Ljouwert by. It grutste nijs fan it turntoernoai wie lykwols dat Epke Zonderland op it lêste momint ôfsei, en dat wylst er freed noch gewoan meitrainde.

De follybalsters mei Marrit Jasper út Snits wurde ek bepraat. Sy hawwe harren pleatst foar de heale finales op it WK. En der is omtinken foar it Europeesk kampioenskip kuorbal dat op dit stuit hâlden wurdt yn Fryslân.

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(advertinsje)