Wolsto noch nei Escher? Dat kin net mear..

De tentoanstelling Escher op Reis yn it Fries Museum is hielendal útferkocht. Moandeitemoarn melde it museum al dat der allinnich foar in pear jûnen yn de hjerstfakânsje noch kaarten beskikber wiene, mar dy binne yntusken ek ferkocht.
Wolsto noch nei Escher? Dat kin net mear..
It museum krijt al ferskate teloarstelde en sels lilke reaksjes fan besikers en minsken oan de telefoan. De lêste dei fan Escher op Reis yn it Fries Museum is snein 28 oktober. De tentoanstelling ferlingje kin net, want de printen binne te kwetsber om langer tentoan te stellen.

Nij besikersrekôr

Escher op reis sit no al op mear as 230.000 besikers. Museumdirekteur Kris Callens neamt it 'unyk' dat in eksposysje al twa wike foar de lêste dei folslein útferkocht is. Callens rôp moandei op Twitter museumbesikers op om 'respektfol' mei de minsken fan it Fries Museum om te gean. "Het is dezer dagen niet altijd feest om bij ons achter de balie of aan de telefoon te zitten, dat realiseer ik me goed." Callens heakket der oan ta dat in grutte mearderheid fan de besikers posityf of sels entûsjast de doar útgiet. Allinnich in lyts part fan de minsken dy't om 'e nocht nei Ljouwert reizge binne, reagearje lulk.

Rembrandt

Nei de hjerstfakânsje begjinne by it museum de tariedings foar de folgjende grutte eksposysje. Ek fan de útstalling dy't it museum meitsje sil oer skilder Rembrandt en syn frou, muze en model Saskia út Ljouwert wurdt in soad ferwachte.
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum