Mezdi fan Temptation Island ferwûne nei motorûngelok op It Hearrenfean

Mezdi, fan it telefyzjeprogramma Temptation Island, is moandei ferwûne rekke nei in ûngelok mei syn motor. Dat skriuwt Shownieuws. Mezdi leit no yn it sikehûs. Dêr is er moandei operearre, mar hy soe net yn libbensgefaar wêze.
© De Vries Media
it ûngelok barde op de krusing fan de Rottumerwei en it Fonteinkrûd op It Hearenfean. De Feanster kaam yn oanriding mei in auto. Dêrby waard Mezdi lansearre en hy bedarre fierderop yn in sleat. Syn motor kaam yn de boskjes telâne.

Earder al yn de problemen

Mezdi wie al earder yn it nijs fanwegen syn gefaarlike rydgedrach. Yn april rekke er om dy reden ek syn rydbewiis kwyt. Hy makke meardere gefaarlike oertrêdingen op de A32 en dêrby filme er himsels. De bylden sette er op Instagram en nei oanlieding dêrfan koe de plysje him oanhâlde.
Hy moast him ek melde foar in ferkearskursus.