SC Hearrenfean tsjin Ajax is 'Wedstriid fan de wike'

De earedifyzjewedstriid fan SC Hearrenfean, thús tsjin Ajax, is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân. Sneontejûn komt de nûmer twa fan Nederlân op besite yn it Abe Lenstra Stadion.
© Omrop Fryslân
De Feansters wolle de dikke oerwinning út by De Graafschap (5-0) graach in ferfolch jaan tsjin Ajax. Sjoen de histoarje wurdt dat in hiele drege opjefte: "De lêste kear dat SC Hearrenfean thús fan Ajax wûn, is tsien jier lyn", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber.
"Mar by Ajax binne ek wat probleemkes. Sa is it mar ôfwachtsjen oft Hakim Ziyech wol meidocht, om't hy ferline wike blessearre útfoel. En der stiet druk op by de Amsterdammers. De efterstân op koprinner PSV is al fiif punten en dus kinne se har gjin misser mear permittearje." Om 20.45 oere is de ôftraap yn it Abe Lenstra Stadion.
Omrop Fryslân hat de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.