Finzenisstraffen foar wapene oerfal yn Beetstersweach

15 okt 2018 - 17:20

Twa Ljouwerters dy't belutsen west hawwe by de oerfal op in supermerk yn Beetstersweach binne yn heger berop feroardiele ta finzenisstraffen. De iene fertochte krige twa-en-in-heal jier sel, de oare twa jier jeugddetinsje.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De twa oerfoelen trije jier lyn de leveransier fan bôle. Mei in pistoal tsjin de holle waard de man de winkel ynskuord. Doe't bliken die dat it kantoar fan de bedriuwslieder op slot wie, naaiden de oerfallers út. Beide manlju hiene ek in BMW stellen, dy't in dei letter yn Bilgaard yn Ljouwert sjoen waard. De plysje krige hjir melding fan en hâlde de auto yn de gaten. Mei in arrestaasjeteam waarden de fertochten dêrnei oppakt.

De fertochten moatte de bôlebesoarger in skeafergoeding fan goed 1500 euro betelje. De oerfal hat in soad ympakt op him hân, hy hat syn besoarchbaan der om opsein.

(advertinsje)
(advertinsje)