Seis pjutte-opfanglokaasjes krije sertifikaat foar meartalich wurkjen

15 okt 2018 - 16:54

Alle seis pjutte-opfanglokaasjes fan de Stichting Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat ha opnij in sertifikaat foar meartalich wurkjen behelle. Op alle lokaasjes wurkje altyd in Frysktalige en in Nederlânsktalige pedagogysk meiwurker.

Foarbyldfoto fan in pjut op de berne-opfang - Foto: Shutterstock.com

De boartersplakken mei in sertifikaat krije ien kear yn de trije jier besite fan in saneamde fisitaasjekommisje. Dy sjogge oft it twatalich wurkjen goed trochsetten wurdt. De seis lokaasjes binne allegear 'slagge' en krigen it sertifikaat foar nochris trije jier.

It giet om 'De Lytse Skeakel' yn Aldegea, 'Pjuttewille' yn Aldemardum, 'De Peuterhof' yn Bakhuzen en 'It Plankje' yn Balk, 'It Opstapke' yn Nijemardum yn kombinaasje mei 'Hummelterp' Sondel en 'It Kidelstientsje' yn Sleat.

Op de lokaasjes wurde de poppen Puk en Tomke brûkt, om sawol de Nederlânske as de Fryske taal oan te bieden.

By it sertifisearringstrajekt krije de lokaasjes begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne goed 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

(advertinsje)