Trainer Ten Berge: Net de bedoeling om Frysk-praatferbod op te lizzen

15 okt 2018 - 16:26

De trainer Roeland ten Berge fan de SC Hearrenfeanfroulju fynt de kommoasje oer it net Frysk praten fan spylster Tiny Hoekstra spitich. Hy hie net de bedoeling syn spylsters in 'Frysk praatferbod' op te lizzen.

De trainer hie mei syn spylster nei in oar ynterview bepraat dat mei it Nederlânsk in grutter publyk berikt wurde koe. Dat wie nei oanlieding fan in opmerkings fan fans en meispylsters op in Frysk ynterview earder dit seizoen. Der is gjin sprake fan in ferbod en Ten Berge seit ek grut respekt te hawwen foar de Fryske taal.

Ofrûne freed ûntstie der rebûlje, benammen op social media nei't Tiny Hoekstra yn in ynterview mei Omrop Fryslân sei dat se gjin Frysk prate mocht fan de trainer. Ten Berge seit dat hy SC Hearrenfean in prachtige klup fynt en ek it Frysk folksliet en de Fryske taal in waarm hert tadraacht.

Foto: orangepictures.nl

Harkje nei Roeland ten Berge

(advertinsje)