Wetterskip Fryslân rint 1,3 miljoen euro mis

15 okt 2018 - 16:03

Wetterskip Fryslân moat it mei 1,3 miljoen euro oan ynkomsten minder dwaan troch in útspraak fan de Hege Ried.

Natuurmonumenten moast bygelyks belesting betelje oer it Waadeilântjse Gryn. - Foto: Anne Krediet

Dizze simmer waard dúdlik dat natuerbehearders lykas Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer dochs gjin wetterskipsbelesting hoege te beteljen oer guon natuergebieten dêr't it wetterskip net fuort in taak hat.

Yn in rapportaazje oan it algemien bestjoer stiet no hoefolle jild dat skeelt; 1,3 miljoen euro. It jild dat troch de natuerbehearders al oan belesting betelle is tusken 2014 en 2018 moat werom betelle wurde. En sy krije dit jier ek gjin belestingoanslach.

(advertinsje)