Friezinne Marije yn Ollolai: hoe is it no?

15 okt 2018 - 15:59

Marije Graafsma (28), oarspronklik fan Snits, ferruile Nederlân begjin dit jier foar it Italiaanske eilân Sardinië. Tegearre mei har freon Ovan Abdullah die sy mei oan it RTL-programma Het Italiaanse dorp: Ollolai. Yn dat programma ferhuzen Nederlânske stellen nei it sliepperige doarp Ollolai om dêr in nij bestean op te bouwen en it doarp wer op de kaart te setten foar toeristen. No, in wike nei de lêste útstjoering, fregen wy har hoe't it derfoar stiet op Sardinië.

Ovan en Marije foar harren hûs fan 1 euro - Foto: RTL

Marije en Ovan binne op it stuit foar twa wiken werom yn Nederlân. "We zijn de afgelopen vijf maanden niet terug geweest, dus het is fijn om nu familie en vrienden weer te zien", seit Marije. Yn Ollolai fiele se har lykwols ek hielendal op harren plak. "Het is fantastisch om daar te wonen. We worden zó opgenomen in het dorp, het is één grote familie!"

Marije en Ovan, twa jonge moadeûntwerpers, kochten yn Ollolai in hûs foar 1 euro mei as doel om dêrfan in 'Sleep & Experience' te meitsjen. In soarte fan bêd en brochje dêr't je ek aktiviteiten dy't in konneksje mei it doarp hawwe ûndernimme kinne. Dêrneist setten sy harren kleanmerk AMKINA troch mei in nije kolleksje; ynspirearre op de tradisjonele dracht fan it doarp. Nei in moadeshow yn en om harren Italiaanske hûs wie de sjuery unanym: Marije en Ovan wie as koppel it bêst yntegrearre en wûn dêrmei 20.000 euro plus eareboargerskip.

Mei harren nije hûs giet it ek goed. Der moat noch it ien en oar oan gebeure en dan is de planning dat harren 'Sleep & Experience' yn april takom jier iepenet foar toeristen. Marije en Ovan sille sels yn it hûs wenje en twa keamers beskikber stelle foar toeristen.

Marije Graafsma

(advertinsje)
(advertinsje)